Follybalfroulju Snits foar Europa Cup tsjin it Belgyske Gent

05 jun 2015 - 14:17

De follybalfroulju fan VC Snits komme takom seizoen yn de Europa Cup út tsjin it Belgyske Gent. De ûnderlinge wedstriden wurde spile yn oktober en novimber fan dit jier. Snits kaam ferline jier ek út yn de Europa Cup. Doe ferlearen de froulju fan Alterno út Apeldoorn. Dy ploech hie earder de tsjinstanner fan no, Gent, útskeakele.

VC Snits moat noch 50.000 euro op it kleed lizze om meidwaan te kinnen yn Europa. De klup is op it stuit dwaande dat jild by elkoar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)