Frou Frjentsjer makket goeie kans yn koart pleit PGB-jild

05 jun 2015 - 13:15

It liket derop dat de frou út Frjentsjer, dy't in koart pleit oanspand hat tsjin de Sociale Verzekerings Bank, in goeie kâns makket om te winnen. It koart pleit tsjinne freed yn Amsterdam. Ynset binne de problemen dy't se hat mei it útbeteljen fan har PGB-jild. Se soarget foar in dôve frou, mar krige har jild net, wêrtroch't se yn de problemen kaam.

Nei de oankundiging fan it koart pleit krige de frou dizze wike dochs noch har jild, mar se set de saak troch.

By it útbeteljen fan it jild makke de verzekeringsbank op 'e nij in flater. It jild waard dûbel útbetelle. Oer twa wiken is de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)