Nije opset tydskrift meartalich grutbringe Nij Smellinghe

05 jun 2015 - 12:23

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en de Afûk ynformearje takomstige en jonge âlden tenei mei in nij tydskrift en in nije opset fan de besteande webside oer meartalich opfiede. Der is ek in nij inisjatyf: sa komt der in heit en mem-echofotolist. Nei acht jier kieze de organisaasjes foar in nije opset.

De ôfrûne acht jier binne der 80.000 eksimplaren fan it tydskrift útdield en ha sa'n 100.000 besikers de webside besjoen. Dêrom komt der no in nije foarmjouwing.

It sikehûs en de Afûk wolle mei it inisjatyf in sinjaal ôfjaan dat se it meartalich grutbringen fan bern wichtich fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)