Spesjaal besunigingsteam foar Antonius sikehûs Snits

05 jun 2015 - 11:34

Yn it Antonius Sikehûs yn Snits is in spesjaal team begûn mei de besunigingsoperaasje dy't úteinlik 5 miljoen euro opsmite moat. Mei de besuniging moatte de kosten en opbringsten better yn balâns komme. Ek wol it sikehûs better ynspylje op feroarings as de fergrizing en pasjinten dy't koarter yn sikehuzen lizze, sa seit de nije bestjoersfoarsitter Jack Thiadens fan de Antonius Soarchgroep.

Yn oktober moat bekend wêze hokker maatregels naam wurde.

Der wurdt tocht oan minder managemint, in noch mear effektive ynset fan apparatuer en better ynspylje op de oerdracht fan taken nei húsdokters. Yn it nijjier wurdt ek bekend wat foar gefolgen de besuniging hat foar de meiwurkers. De soarchgroep wol minsken fan wa't de baan ferdwynt, safolle mooglik oan oar wurk helpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)