Earste guozzen yn Fryslân fergast

05 jun 2015 - 11:22

Yn de Jan Durkspolder by Earnewâld is freedtemoarn úteinset mei in proef om de guozzen dy't dêr it hiele jier sitte te fergassen mei CO2. It giet benammen om skiere guozzen. De guozzen binne mei driuwers op 'e wâl en yn boatsjes nei in saneamde fangkraal dreaun. Der sitte sa'n 1000 guozzen yn de polder.

It fergassen wurdt yn opdracht fan de wyldbehear ienheid dien troch Duke Faunabehear. De provinsje betellet it fergassen. It Fryske Gea wurket mei ûnder betingst dat de winterguozzen yn hiel Fryslân mei rêst litten wurde.

It fergassen mei CO2 fynt plak om lânbouskea troch de guozzen tsjin te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)