Minder fersierde weinen by doarpsfeest Minnertsgea

05 jun 2015 - 08:12

By it doarpsfeest yn Minnertsgea hawwe dit jier minder fersierde weinen meidien. Dêr't oare jierren sa'n 15 weinen meidiene, binne dat der dit jier mar seis. De organisaasje makket har dan ek grutte soargen oer de takomst fan de tradysje. Strange feilichheidseasken fan de gemeente binne neffens de organisaasje de oarsaak fan it legere oantal weinen. Minsken dy't meidwaan wolle oan de optocht hawwe bygelyks in ferskering nedich foar de wein, wat al gau 250 euro kostet. It soarget derfoar dat der dit jier in soad minsken ôfheakke binne.

Dat der stranger op de regels tasjoen wurdt, hat neffens foarsitter Hette Madhuizen fan de organisaasje te krijen mei it tanimmend oantal ynsidinten de lêste tiid wêrby't in fergunning fan de gemeente nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)