Tresoar fynt unike opnamen fan Simke Kloosterman

04 jun 2015 - 19:27

In meiwurker fan histoarysk- en letterkundichsintrum Tresoar hat unike lûdopnamen fûn fan de Fryske skriuwer en dichter Simke Kloosterman. It giet om opnamen dy't yn 1925 op it earste Grut Frysk Kongres yn Dútslân fan Kloosterman makke binne. Nei oanlieding fan in ferslach fan dat kongres fûn Jelle Krol fan Tresoar de opnamen yn in argyf yn Dútslân.

Simke Kloosterman waard yn 1876 yn Twizel berne. Yn it hûs dêr't se altyd wenne is no in ynformaasjesintrum oer har.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)