Bedriuwebeurs yn WTC wurdt grutter ûnder in nije namme

04 jun 2015 - 17:16

De beurs yn it Ljouwerter WTC foar bedriuwen fan Noard-Nederlân krijt in nije namme. Oarspronklik wiene it de bedriuwekontaktdagen, dêrnei feroare dat yn TEL, Trade Experience Leeuwarden, en no wurdt it Business Contact Dagen Noord.

Neffens de organisaasje slút dizze namme better oan by de ynhâld fan de beurs. It doel is noch altyd om bedriuwen, ûndernimmers en gemeenten meielkoar yn kontakt te bringen. De beurs wurdt ek grutter, takom jier is de beurs net yn ien, mar yn twa hallen fan it WTC. De beurs is takom jier op 22 en 23 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)