Seis jier sel easke yn Tsjûkemarmoard

04 jun 2015 - 16:02

Tsjin in Roemeenske fertochte yn de saneamde Tsjûkemarmoard is tongersdei seis jier selstraf easke. De man wurdt fertocht fan belutsenheid by de moard op de 35-jierrige Omar Kourrich. Neffens de offisier fan justysje hat de man neat dien om de moard foar te kommen. Kourrich waard yn de simmer fan 2013 fermoarde yn syn wenplak Amsterdam, ferfierd nei in parkearplak by de Tsjûkermar en dêr yn brân stutsen. De Roemeen sei foar de rjochtbank dat hy ûnskuldich is. Hy wie wol by it hiele barren oanwêzich, mar nei eigen sizzen tsjin syn wil.

Moandei giet de rjochtsaak fierder en moatte noch mear fertochten foar de rjochtbank ferskine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)