Hûnderten banen fuort by FrieslandCampina, fakbûn skrikt net

04 jun 2015 - 13:49

By FrieslandCampina yn Ljouwert ferdwine de kommende trije jier tusken de 125 en 145 arbeidsplakken fan de 852. It giet dan om 60 oant 70 minsken yn fêste tsjinst en 40 oant 45 útstjoerkrachten. Sa'n 25 arbeidsplakken kinne ferdwine troch natuerlik ferrin. Yn Beilen falle noch gruttere klappen. Dêr reitsje 210 oant 230 minsken har baan kwyt. De ûndernimmingsried is om advys frege en de fakbûnen binne ynljochte. Dy binne net ferrast troch it nijs.

De eksplosive groei hat neffens it bûn soarge foar in yneffisjinte organisaasje.

De banen dy't ferdwine sitte yn alle lagen, neffens Harry Vellenga fan de FNV miskien noch wol it minst op de wurkflier. Der is in sosjaal plan en it fakbûn hâldt it proses goed yn de gaten. Mei de suvelsektor bliuwt it goed gean, dat is de oarsaak net sa seit de fakbûnsbestjoerder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)