Kening Willem-Alexander rikt de Gouden Swipe út

04 jun 2015 - 12:41

Kening Willem-Alexander rikt op sneon 20 juny de Gouden Swipe út oan de winner fan de tradisjonele hurddraverij op it Saailân yn Ljouwert. De kening is yn Ljouwert yn it ramt fan it Maria Louise-jier. It is 250 jier lyn dat Maria Louise van Hessen-Kassel, ien fan de foarâlden fan Willem-Alexander, yn Ljouwert ferstoar en dêr wurdt wiidweidich by stilstean.

De kening sil tichtby de Princessehof in streetart-muorreskildering fan 50m2 ûntbleatsje. Dêrnei rikt hy de Gouden Swipe út, lykas kening Willem I dat yn 1823 foar it earst die.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)