Iepenloftspul Dronryp tenei om it jier

04 jun 2015 - 11:52

It iepenloftspul yn Dronryp wurdt tenei om it jier holden. De organisaasje hat dat besletten omdat der noch hieltyd jildkrapte is. Sa hoopje se wat mear lucht te hawwen. Ferline jier gie it iepenloftspul net troch, omdat der temin jild yn kas wie, fanwege tsjinfallende omset by de foargeande edysjes.

Dit jier wurdt it stik "Twifel" spile. Jan Arendz en Marijke Geertsma hawwe foar dizze produksje it toanielstik en de film 'Doubt' fan John Patrick Shanley oerset en bewurke. Sy dogge ek de rezjy fan it stik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)