Kollum: It nijsoersjoch fan de Bûten Post

04 jun 2015 - 09:32

It lietsje 'Parijs' fan Kenny B soe net mear op de radio te hearren wêze moatte, alteast net yn Fryslân. Dat fynt de AFUK. Neffens de Frysktalige ynstelling hat de hitsingle in negatyf effekt op de langrinnende kampanje 'Praat mar Frysk'. Hiele folksstammen sjonge yntusken út folle boarst 'Praat Nederlands met me', de bekendste rigel út it ferske. En dat falt net goed by de AFUK. Neffens direkteur Koen Eekma striidt de AFUK net foar neat al jierrenlang om it Frysk klinke te litten yn de maatskippij, en dan is it hiel ferfelend as al dy ynspannings yn ien kear foar neat blike te wêzen.

Besikers fan Oerol wolle in spontane aksje hâlde om de komst fan gasboarrings op Skylge mooglik te meitsjen. De Oerolgongers bale derfan dat it gasbeslút in jier útsteld is troch minister Kamp fan ekonomyske saken.
Oerol stribbet nei in duorsume omgong mei it eilân en dêr soe de komst fan in gasboarynstallaasje goed yn passe. Mei it winnen fan gas kin Skylge yn koarte tiid selsfoarsjennend wurde mei syn enerzjy. Boppedat soe in boartoer in moai estetysk lânskipskeunstwurk wurde kinne. Besikers sjogge in boartoer boppedat wol sitten as takomstige lokaasje foar bysûndere foarstellings.

De SKS is net benaud foar in mooglik FBI-ûndersyk nei de tawizing fan de wedstriidwetters. Neffens de skûtsjekommisje wurket de SKS al jierrenlang folslein transparant, en fynt de tawizing alle kearen opnij yn alle iepenheid plak. Dat de start elk jier yn Grou is, en ek it fierdere ferrin fan de wedstrydlokaasjes alle jierren itselde is, toant neffens de SKS allinnich mar oan dat it bestjoer der hieltyd wer yn befêstige wurdt dat it altyd de goeie doarpen oanwiisd hat.
Mocht de plysje net optrede wolle op de ferskillende festivals dy't dizze simmer holden wurde, dan sille de organisatoaren gau op syk gean nei ferfangende acts. Under oare Welcome to the Village is op syk nei in alternatyf. De organisaasje baalt fan de ûntwikkelings by it plysjekoprs, dat witte litten hat omwille fan aksjes foar in bettere cao mooglik net optrede te sillen by festivals en sporteveneminten. Neffens de organisaasje wie it optreden fan de plysje altyd in hichtepunt yn de programmearing. Ek it metalfestival Into the Grave yn Ljouwert en Into the Great Wide open op Flylân sille op syk nei oare bands dy't it gat opfolje kinne dat de plysje achterlit.

Ferkearsynformaasje: troch it waarme waar moatte autombilisten rekkening hâlde mei mooglike fertragingen troch steurings oan akwadukten. Mooglik sette dy troch de hitte út en komme se fêst te sitten. Meiwurkers fan Rykswettersteat en provinsje besykje om de akwadukten mei wetter te kuoljen.

Trefwurden: 
Bart Kingma De Toan fan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)