Mûzepleach pleaget boeren stik minder

03 jun 2015 - 16:56

Op it stuit hawwe boeren yn it súdwesten fan Fryslân minder lêst fan mûzen as ferline jier om dizze tiid. Dat komt neffens de LTO om't it in kâlde maitiid west hat. Yn juny en july foarich jier wienen der in hiel soad mûzen, dus de lânbou-organisaasje hâldt alles skerp yn de gaten. As boeren op tiid maatregels nimme, soe de pleach beheind wurde kinne, dat wiist ûndersyk út. Boeren kinne bygelyks ekstra wetter brûke en dong dêr't de mûzen net goed oer kinne.

De mûzen hawwe yntusken foar miljoenen oan skea soarge. Boeren krije gjin fergoeding, mar kinne in liening by de provinsje krije mei geunstige betingsten. Fyftjin boeren hawwe harren dêrfoar oanmeld. De measte oanfragen wurde yn septimber ferwachte.

Trefwurden: 
mûzepleach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)