'Oerfallen' shoarmabaas fertocht fan fersekeringsfraude

03 jun 2015 - 09:04

De plysje hat woansdei in Ljouwerter (52) oanhâlden as fertochte fan fersekeringsfraude en it dwaan fan falske oanjeften. It giet om de eigener fan in shoarmasaak oan De Weerd yn Ljouwert, dy't melde dat er begjin maaie oerfallen wêze soe troch twa manlju. Dêrby soe er mishannele en opsletten wêze. Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs. Dêrneist soe er yn febrewaris oerfallen wêze yn in kebabrestaurant oan de Coopmansstrjitte yn Ljouwert.

De plysje tinkt nei ûndersyk dat de man de oerfallen sels yn sêne setten hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)