Ferlet fan mear jild om Fryske mûnen by de tiid te hâlden

02 jun 2015 - 23:59

Eigeners fan mûnen yn Fryslân meitsje har soargen oer de takomst. De measten fan har hawwe genôch jild foar it dwaan fan reparaasjes, mar hawwe soargen oer hoe't de mûnen yn de takomst bestean bliuwe kinne. Ien en oar docht bliken út in lanlik ûndersyk fan belangeferiening De Hollandse Molen.

De mûnestichtings yn Fryslân binne oer it generaal tefreden oer it provinsjale subsydzjebelied, mar op termyn binne dy bydragen te leech foar grutte restauraasjes. It advys is dêrom om mear eigen aksjes te hâlden en mear gear te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)