Plysje Fryslân wol hurdere cao-aksjes

02 jun 2015 - 11:50

De plysje yn Fryslân wol hurdere cao-aksjes, lykas it boykotten fan grutte eveneminten. Dêrby falt te tinken oan muzykfestivals en de Tour de France dy't op 4 july fan start giet yn Utrecht. Ien en oar is tiisdei dúdlik wurden op ferskate aksjebyienkomsten op seis plysjeburo's yn Fryslân. De fakbûnen hawwe dizze byienkomsten organisearre om te peilen oft de plysje ree is ta langere wurkûnderbrekkings.

Dêr liket it no wol op. De plysje fiert al 12 wiken aksje foar in nije cao mei in salarisferheging en bettere arbeidsomstannichheden.

Oant no ta hawwe de ûnderhannelings en de protesten noch neat opsmiten. 'De maat is nu vol', sei fakbûnsman Albert Springer tiisdeitemoarn op it plysjeburo fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
plysje CAO-aksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)