Fries Museum krijt Belgyske direkteur: Kris Callens

02 jun 2015 - 10:23

De Belch Kris Callens wurdt mei yngong fan 1 augustus de nije direkteur fan it Fries Museum, keramykmuseum Princessehof en it Fries Verzetsmuseum. Callens folget Saskia Bak op, dy't sûnt heal maaie direkteur is fan Museum Arnhem. Callens is no noch haad Kolleksjes en Presintaasjes yn it Zuiderzeemuseum yn Enkhuzen.

Dêrfoar hat er wurke by ûnder oare it Ryksmuseum en musea yn Mechelen, Antwerpen en Leuven. De Belch sjocht út nei syn nije funksje yn Ljouwert, mei as hichtepunt de Kulturele Haadstêd yn 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)