Wetterlieding knapt: skoalle Jobbegea ûnder wetter

02 jun 2015 - 10:06

De bern fan basisskoalle De Feart yn Jobbegea krigen tiisdeitemoarn ûnferwachte frij. De skoalle stie foar in part ûnder wetter troch in knapte wetterlieding. Krekt nei sân oere moarns seach in meiwurker al dat it wetter troch it plafond kaam.

In ynstallateur hat yntusken it lek fûn en de skoalle is wer foar it grutste part droech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)