Kollum: "De Rede fan Fryslân" fan Willem Schoorstra

02 jun 2015 - 08:14

It begûn mei it ferslach fan de Rede fan Fryslân. Dy Rede is in nommel inisjatyf fan de provinsje, wêrby’t sprekkers fan bûten de provinsjegrinzen it bestjoer in spegel foarhâlde, mei it doel om dêrfan leare te kinnen. Dizze kear wie it de beurt oan Olaf Koens, in sjoernalist fan RTL. It blykt dat Koens in part fan syn jeugd yn Fryslân trochbrocht hat. Dat hat him sa bot traumatisearre, dat er dêr noch de geastlike littekens fan meitôget. Mar yn stee fan dêr bliid om te wêzen omdat it him (blykber) ta grutte kreative hichten driuwt, spuit er der raar guod fan.

Yn syn Rede linkt er it Russysk-Oekraynsk konflikt oan de taalstriid by ús, omdat it op de Balkan yn essinsje ek in taalstriid is. Hy komt dêrop fanwegen erfaringen út syn jeugd. Seit Koens: ‘Dat komt door Diepfriezen, waar in principe ieder Nederlands woord van het erf werd gejaagd.’ Fierders lamentearret er oer de Kalvinistyske mentaliteit (tink derom, de man is opgroeid yn de jierren 90, grunge en xtc!), en gûlt er dat er bûten de boat foel omdat er ‘oars as oars’ wie. No is dat lêste in universeel ferskynsel, mar troch it skrinen fan dyselde geastlike littekens ferjit Koens dat foar it gemak. Foar de rest struide er foaral mei gratuite opmerkings. Net gratuite mar gewoan ûnnoazel wie syn opmerking oer de taalstriid. De oplossing dêrfoar is, neffens him, meartalichheid. As er de muoite nommen hie om him fiif minuten yn Fryslân te ferdjipjen, hie er witte kinnen dat op grutte skaal allang op meartaligens ynset wurdt. Dêrnei sei er dat ‘uw taalstrijd geen taalstrijd hoeft te zijn. Het is rijkdom.’ Bam. Geniaal. Dat wy ús dat noait realisearre ha. Wy hoege gjin muoite foar de taal te dwaan, want it is rykdom…

De man hat gjin idee wêr’t er oer praat. Wy moatte oeral striid foar leverje. Foar de Fryske Akademy bygelyks, dy’t yn 2010 faai stie. Foar it fuortbestean fan de provinsje sels, oant op de dei fan hjoed. En no wer foar de Omrop. Want yn it ramt fan besunigingen en effisjinsje moat de Omrop opgean yn in mediabedriuw dat yn Grins fêstige wurdt. Direkteur Jan Koster besiket de ramp fan kulturele assimilaasje en baneferlies te downplayen, mei te sizzen dat it brûken fan de taal garandearre is. Mar as de wurden skaalfergrutting en effisjinsje falle, bin ik sa skeptysk as in neurotikus mei in bipolêre stoarnis. En dus sjoch ik, mei it provinsjebestjoer, de Omrop op termyn ferdwinen. As der neat bart.

Omrop Fryslân is ferankere yn de maatskippij. It belang dêrfan is net ôf te mjitten oan hark- en sjochsifers. As dizze drager fan kultuer en identiteit ferdwynt, krijt Fryslân sa’n ynstitút noait werom. Soks is in slach yn it gesicht. Net allinne foar de wurknimmers, mar foar iderien dy’t in hert foar Fryslân hat. Boppedat is it in skeining fan alle ôfspraken, ferdraggen, advizen en yntinsjes fan de ôfrûne jierren. By dizzen rop ik dan ek sawol de polityk as de boargers op om harren sterk te meitsjen foar de selsstannigens fan Omrop Fryslân. It ôfbrekken fan alles dat belangryk is, en ús nei oan it hert leit, moat dien wêze. En mei in facebook-like komme wy der net. Dus: Tsjoch op, en lit ús brûs’ en siede!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)