Harkemase Boys leit Johnny de Vries fêst

01 jun 2015 - 22:30

Fuotbalklup Harkemase Boys hat der in nije spiler by. It giet om Johnny de Vries. De 25-jierrige middenfjilder komt oer fan sneinstopklasser WKE út Emmen. De Vries komt fan oarsprong út Appelskea.

Harkemase Boys hat yn it ferline ek alris besocht De Vries fêst te lizzen. Doe koe hy lykwols tekenje by Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)