Miljoenen nedich foar opknappen sportakkommodaasjes Ljouwert

01 jun 2015 - 22:02

Der moat fjouwer miljoen euro komme om de knyppunten by de Ljouwerter sportakkommodaasjes op te romjen. Der binne bygelyks te min fjilden en klaairomten by it kompleks Wiarda en oare fuotbal- en kuorbalklups. Der moatte ljochtmêsten komme en fierder moat ek de de atletykbaan yn de wyk Nijlân by de tiid brocht wurde.

By it Wiardakompleks oan de súdkant fan de stêd leit grûn dat brûkt wurde kin. It grutste probleem is lykwols it jildtekoart. De gemeente hat der gjin rekken mei hâlden yn de begrutting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)