Ljouwerter wethâlder easket trije-en-in-heale ton werom

01 jun 2015 - 20:21

Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert giet op de barrikaden om 350.000 euro fan de minister fan Sosjale Saken werom te krijen. As it ministearje net omlyk wol, slút hy in juridyske proseduere net út. De gemeenten moatte fan it Ryk fraudearjende útkearingslûkers beboetsje.

In soad gemeenten ferpoften dat omdat der genôch minsken binne dy't net mei opsetsin saken ferkeard dienen. It probleem is dat de gemeenten it boetejild nedich ha om de Rykskoarting op har budzjet op te fangen.

De saak hat foar de rjochter west en dy stelde de gemeenten yn it gelyk. Ekhart giet no op 'e nij mei de minister yn de slach. Omdat it alle gemeenten oanbelanget moat de minister rekken hâlde mei in tsjinfaller fan miljoenen euro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)