Sjoerd Overgoor tredde oankeap foar SC Cambuur

01 jun 2015 - 17:46

Go Ahead Eagles middenfjilder Sjoerd Overgoor (26) spilet takom seizoen foar Cambuur. Overgoor hat in kontrakt tekene foar fjouwer jier. Hy is nei Jergé Hoefdraad fan Almere City en Kai Heerings fan FC Utrecht de tredde oankeap foar it nije seizoen. Sjoerd Overgoor makke yn 2009 syn debút yn it betelle fuotbal foar De Graafschap. Yn de winter fan 2011 stapte Overgoor oer nei Go Ahead Eagles.

Technysk direkteur Henry van der Vegt fan Cambuur is bliid mei syn komst. Hy sjocht de spiler as in echte teamspiler mei de goeie wedstrydynstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)