NL-Alert foldocht noch net oan de noarm

01 jun 2015 - 15:11

De needberjochten dy't de oerheid ferstjoere wol by grutte rampen en kalamiteiten, foldogge noch lang net oan de noarm. Mear as acht op de tsien minsken soene dit saneamde NL-Alert krije moatte, mar dat wurdt lang net helle. Moandei waard de berjochtjouwing opnij testen.

Oer oardel jier ferdwine de bekende sirenes út it strjitbyld. Dêrfoar yn it plak komme de tekst-berjochten fan de oerheid op de mobile telefoan. It doel is om mei NL-Alert net allinnich alaarm te slaan, mar gelyk ek ynformaasje te jaan.

Feilichheidsregio Fryslân is dan ek foar de feroaring, mar dan moat wol op syn minst 85 persint fan de minsken dat berjocht krije. Om de berjochten te ûntfangen moat de telefoan wol goed ynsteld wêze. Alhoewol't dat ridlik ienfâldich is, wiene der moandei dochs noch genôch minsken dy't it berjocht net krigen hawwe. Net alle telefoans binne geskikt foar it nije systeem. Boppedat is it berik lang net oeral goed genôch. De betrouberens fan NL-Alert yn Fryslân lit sadwaande noch te winskjen oer.

Trefwurden: 
mobile telefoan NL-Alert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)