"Earder yn skuldsanearring yn stee fan skuldhelpferliening"

01 jun 2015 - 12:40

Minsken mei grutte skulden moatte earder yn de skuldsanearring komme en net te lang yn de skuldhelpferliening fan de gemeente hingjen bliuwe. Dat seit Geert Benedictus fan Bureau Benedictus yn Garyp. Hy fiert wetlike skuldsanearrings foar ûndernimmers en partikulieren út. By skuldhelpferliening bliuwe de minsken faak jierren yn deselde finansjele soargen sitten, wylst se nei skuldsanearring nei 3 jier wer in fris begjin meitsje kinne.

It tal skuldsanearringen by Fryske bedriuwen is yn in jier tiid tebekrûn, mar by partikulieren tanommen.

Dêrmei is it tal sanearringen wer op it nivo fan 2012, mar dat is noch altyd it dûbele fan foar de krisis.

Trefwurden: 
skuld skuldsanearring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)