Betize autobestjoerders op Heak ride fytstunnel yn by Marsum

01 jun 2015 - 11:57

Troch de betiizjende ferkearssituaasje op de Heak by Marsum en Ritsumasyl ride in soad minsken de fytstunnel yn. Ynwenners fan Marsum hawwe dêr al tsientallen kearen tsjûge fan west. Der binne ek autobestjoerders dy't op it hiem fan de bewenners keare. Dat smyt gefaarlike situaasjes op.

De bewenners binne yntusken yn petear mei Vrij Baan om de situaasje oan te passen. Der binne al ekstra ferkearsbuorden delset. Ek stiene der in skoft betonblokken by de fytstunnel, mar it boadskip is noch net by alle autobestjoerders bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)