Untslaggen by sluting noardlike festigings Dusseldorp

01 jun 2015 - 09:59

Offalferwurker Dusseldorp slút per 1 july alle festigings yn it Noarden. Derby sille twongen ûntslaggen falle. Om hoefolle minsken it giet, is noch net dúdlik. De reststoffesintra yn Ljouwert, It Hearrenfean, Veendam en Midwolde geane ticht. De krisis fan de ôfrûne jierren is de oarsaak fan dizze besuniging, sa meldt Dusseldorp op de webside.

Mei de fakbûnen is in sosjaal plan sluten. It bedriuw set de rioelservice en de sloopaktiviteiten wol troch yn it Noarden.

Dusseldorp is noch yn petear mei mooglike oernamekandidaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)