Stroomsteuring yn súdlik part fan Ljouwert

01 jun 2015 - 07:52

It súdlike part fan Ljouwert hat moandeitemoarn goed trije kertier sûnder stroom sitten. Under oaren bewenners fan Techum, Nijlân en Huzum hienen gjin spanning op it elektrisiteitsnet. Goed 4800 húshâldens binne troffen. Troch de stroomútfal diene ek de ferkearsljochten yn it suden fan de stêd it net. De plysje hat it ferkear dêrom regele op de krúspunten op de Aldlânsdyk.

Oarsaak fan de steuring wienen twa stikkene kabels fanút it stroomstasjon Schenkeschans yn Ljouwert.

Trefwurden: 
stroom stroomsteuring Enexis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)