Snitser ferwûne by ûngelok Nijlân

01 jun 2015 - 07:07

Op de A7 by Nijlân is sneintejûn in 23-jierrige man út Snits ferwûne rekke by in ûngelok. De auto dêr't it slachtoffer ynsiet, wie op de oprit fan de sneldyk slipt en tsjin in beam botst.

De man moast troch de brânwacht befrijd wurde. De traumahelikopter is ek ynset. Uteinlik is de Snitser, dy't ûnder ynfloed fan alkohol wie, mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Nijlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)