Gjin Europeesk fuotbal foar Sportklup Hearrenfean

31 maaie 2015 - 18:38

SC Hearrenfean hat him net pleatst foar Europeesk fuotbal. De ploech fan Dwight Lodeweges ferlear yn Arnhem mei 5-2 fan Vitesse. Beide ploegen moasten yn twa wedstriden útmeitsje wa't it lêste ticket foar Europeesk fuotbal krige. De earste wedstryd yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean einige yn 2-2.

De iepeningstreffer yn Arnhem kaam fan Mark Uth, yn de earste helte skoarden fierder Kashia (1-1) en opnij Uth (1-2). Nei rêst kamen der foar Vitesse goals fan Vejinovic, Pröpper, Labyad en Van der Heijden.

Yn de twadde helte wie der in giele kaart foar Hearrenfean-spiler Kenneth Otigba, nei in oertreding op Traoré. Simon Thern waard yn de 67e minút wiksele foar Lerin Duarte, Stefano Marzo yn de 81e minút foar Henk Veerman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)