Oranjewoud Festival past program om waar oan

31 maaie 2015 - 10:47

In tal konserten by it Oranjewoud Festival wurdt snein ferpleatst fan bûten nei binnen. Dat hat te krijen mei it reinige waar. It giet ûnder oare om it fergese Prinsenwijkconcert mei Holland Baroque Society en Eric Vloeimans. Dat wurdt no yn it Tipi-kastiel yn De Proeftún hâlden om 16:30 oere.

Fierder kin neffens de organisaasje it programma op dizze lêste dei gewoan oanhâlden wurde. It Oranjewoud Festival is tongersdei begûn.

Trefwurden: 
muzyk Oranjewoud Festival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)