Bûtenpost mist promoasje nei de haadklasse

30 maaie 2015 - 16:59

Bûtenpost is der net yn slagge om te promovearjen nei de haadklasse. De beslissende wedstriid tsjin LRC Leerdam waard ferlern mei 4-2. Bûtenpost kaam nei in goed healoere op foarsprong troch in kopgoal fan Rob Dijkstra. Yn de twadde helte kaam LRC op likense hichte troch in strafskop. Binnen 10 minuten stie Bûtenpost wer foar toch in goal fan Dorian Berisha, mar wer 10 minuten letter wie it wer gelyk. Doe't LRC op foarsprong kaam wie it ferset fan de thúsploech brutsen. Yn blessueretiid waard it úteinlik noch 4-2 foar LRC en wie de dream út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)