Bus yn de brân troch hite remmen

30 maaie 2015 - 15:39

Yn in bus fan Arriva op de Hearenfeansewei by Nijeholtwâlde is sneontemiddei brân ûntstien. De oarsaak wiene de remmen dy't te hjit waarden. Der ûntstie wat reekûntwikkeling. De brânwacht waard ynskeakele nei in melding fan de bussjauffeur.

It is net dúdlik oft der ek passazjiers yn de bus sieten.

Trefwurden: 
bus brân Arriva Nijeholtwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)