Rederij Waddentransport moat ferdwine út Harnzer haven

30 maaie 2015 - 12:58

De gemeente Harns wol dat Rederij Waddentransport ferdwynt út de Willemshaven. De saneamde Vluchthaven moat frijmakke wurde foar de oanlis fan in jachthaven. De rederij ferfiert swier materieel, guod dat neffens de reder net troch oaren ferfierd wurde kin. De rederij brûkt it skip de Terschellinger Bank, dat sels lade en losse kin.

Waddentransport fart al 35 jier tusken Harns en de eilannen, mar de takomst fan it bedriuw stiet no faai. Se moatte sykje nei in oar plak en dan sil der hege ynvestearrings noadich wêze om de kade oan te passen.

Lakeman fan de rederij lit in juridysk adviseur nei de saak sjen, mar wethâlder Le Roy seit dat de gemeente it rjocht hat om de rederij fuort te stjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)