Hongaarske izerflechters swier ûnderbetelle yn Fryslân

30 maaie 2015 - 08:08

De Hongaarske izerflechters, dy't de ôfrûne winter oan it akwadukt by de Drachtsterbrêge wurken, binne ûnderbetelle troch útstjoerburo AOK út Beers. Dat docht bliken út ûndersyk fan de arbeidsynspeksje. Fakbûn FNV Bou luts yn jannewaris oan de belle, omdat neffens it bûn ferskate útstjoerburo's bûtenlânske wurknimmers ûnderbetelje soene. Nei de melding fan FNV Bou begûn de provinsje mei in ûndersyk.

Dat ûndersyk is noch net klear. Ut it ûndersyk fan de arbeidsynspeksje docht bliken dat de izerflechters in soad jild misrûn hawwe.

It soe gean om hûnderten euro's yn 'e wike. Fakbûn FNV hat it útstjoerburo sommeard om it achterstallich lean gelyk te beteljen. As it buro dat net docht, wurdt it in rjochtsaak. Fakbûn FNV Bou is fûl yn dizze saak, omdat it foar Fryske boufakkers hieltiid dreger wurdt om wurk te finen as wurkjouwers de mooglikheid hawwe om bûtenlânske meiwurkers minder te beteljen. Minsken dy't itselde wurk dogge, moatte itselde fertsjinje, fynt it fakbûn. Oannimmer Heijmans lit yn in skriflike ferklearring wite dat alle ûnderoannimmers en belutsen útstjoerburo's har oan de cao hâlde moatte. Deputearre Sietske Poepjes, de opdrachtjouwer fan it akwadukt, fynt dat elts him oan de regels hâlde moat. De provinsje wol gjin partij kieze yn it skeel tusken fakbûn en wurkjouwer en sjocht mei belangstelling út nei de útspraak fan de rjochter yn dizze saak.

Trefwurden: 
Drachtsterbrêge FNV Bouw AOK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)