It Frysk Strjitfestival los mei sirkus Ronaldo

29 maaie 2015 - 22:07

It Frysk Strjitfestival is freed reinich fan start gien. Projektlieder Margret Havinga baalt dêr bot fan, mar hat dêrneist ek hoop. In nij ûnderdiel fan it festival is it sirkus 'Ronaldo' dat op it Saailân yn Ljouwert stiet. It sirkus is op de earste dei al hielendal útferkocht. Neffens Havinga liket it waar foar it wykein better te wurden.

It minne waar dêr't de eardere edysjes fan it festival ek faak lest fan hiene, is neffens Havinga gjin oanlieding om mear ûnderdielen binnendoar te organisearen. Se fynt dat it strjitfestival bûtendoar thús heart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)