Kliïnten TalantZorg sille helpe by eveneminten KH 2018

29 maaie 2015 - 17:15

Kliïnten fan TalantZorg sille meihelpe by de eveneminten fan Kulturele Haadstêd 2018. Dat hawwe de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 en TalantZorg freed mei-inoar ôfpraat. De kliïnten kinne ynset wurde by konserten of as krew by eveneminten. De soarchynstelling fynt it wichtich om minsken mei in ferstanlike beheining oan kulturele aktiviteiten meidwaan te litten.

De organisaasje fan de Kulturele Haadstêd 2018 is bliid mei de gearwurking. Yn juny sil TalantZorg foar it earst meihelpe mei it organisearjen fan CityProms yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Talant kulturele haadstêd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)