Nij Smellinghe draait twadde jier op rige mei ferlies

29 maaie 2015 - 13:50

Sikehûs Nij Smellinghe hat ferline jier opnij mei ferlies draaid. Dat docht bliken út it jierferslach fan 2014. Yn dat jier waard in negatyf resultaat fan goed 4 miljoen euro helle. In jier earder wie it ferlies 2,8 miljoen.

De reade sifers binne it direkte gefolch fan it fallisemint fan sikehûs De Sionsberg dêr't it Drachtster sikehûs in liening fan 15 miljoen oan jûn hie. De ferliezen hawwe gjin gefolgen foar de soarch dy't yn Drachten jûn wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)