Skoallen beleanne foar kampanje tsjin smoken

29 maaie 2015 - 11:21

Skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns en it Stellingwerf College yn Easterwâlde binne de winners wurde fan in aksje tsjin smokerij. Beide skoallen hawwe in filmke makke mei it boadskip om foaral net te begjinnen mei smoken.

Sawat sechstich Fryske skoallen út it fuortset ûnderwiis hawwe it ôfrûne healjier meidien oan de Actie Tegengif. Mei-inoar 1100 learlingen binne de striid oangien om in healjier net te smoken. Yn de klasse waard dêr oandacht oan jûn. Der is foarljochtingsmateriaal makke om learlingen te stimulearjen net te smoken.

De aksje is in inisjatyf fan de GGD Fryslân, Ferslavingssoarch Noard-Nederlân en De Friesland Soarchfersekerder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)