Auto ferskate kearen oer de kop slein op rotonde De Jouwer

29 maaie 2015 - 10:28

In ynwenner fan Uithoorn is tongersdeitemiddei by in ûngelok op de A7 by De Jouwer ferwûne rekke. By de rotonde sloech de 67-jierrige man in pear kear mei de auto oer de kop. De auto bedarre dêrnei yn it gers yn 'e midden fan it rûne ferkearsplein.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)