Oanriding yn Wynjewâld

Plysje © Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket in oanriding freedtemoarn yn Wynjewâld. Dêr botsten op de Biskopsreed in man (78) út Wynjewâld en in frou (36) út Donkerbroek mei har auto's opelkoar. De auto fan de man fleach dêrtroch oer de kop, dy fan de frou bedarre yn 'e sleat.
Beide bestjoerders binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Oer de tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend.