Guozzejager op 'e bon

Guozzen © Omrop Fryslân
In ynwenner (52) fan Koudum hat freed in bekeuring krige, omdat er by it jeien op guozzen deade kolguozzen as lokfûgels brûkte. Dat is by wet ferbean.
De man krige syn bekeuring fan in opspoaringsamtner fan de provinsje. Dy wie mei plysjeminsken by It Heidenskip op syk nei de man, nei tips dat dy in lokfluit brûke soe. Ek dat is by wet ferbean. De lokfluit waard lykwols net fûn. De deade guozzen binne yn beslach naam.