Pake en Beppe: 17.000 besikers

02 mrt 2012 - 15:16

De alfde edysje fan 'Help Pake en Beppe de fakânsje troch' hat dit jier 17.000 besikers lutsen. It giet om bern, mar ek om pakes en beppes of âlden. De besikers komme kwa tal op it twadde plak. Ferline jier luts de temawike goed 20.000 belangstellenden. Dy kamen doe benammen ôf op de dinosaurus-útstalling yn it Natuermuseum Fryslân. Dit jier wie dat ien ek fan de bêstbesochte musea.

Mei-elkoar diene der dit jier 35 ynstellingen mei oan 'Help Pake en Beppe de fakânsje troch'. Dy organisearren aktiviteiten om it tema 'stoer' hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)