Auto yn it wetter Strobossertrekfeart by Bûtenpost

29 maaie 2015 - 08:49

Oan de Trekwei tusken Bûtenpost en Gerkeskleaster is tongersdeitejûn in auto it wetter fan de Strobossertrekfeart ynriden. De bestjoerder, in 52-jierrige man út Ryptsjerk, koe himsels rêde troch op it dak sitten te gean. Dêrnei is er mei in boatsje fan in pleats yn de buert op de wâlskant helle.

De man hie in pear skaafferwûnings en hy wie wat ûnderkuolle. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Der wie gjin alkohol yn it spul. It ûngelok barde om kertier foar njoggenen yn in bocht.

Trefwurden: 
ûngelok auto trekfeart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)