Jan Bos tredde yn kritearium fan Gerkeskleaster

28 maaie 2015 - 23:11

Jan Bos fan Bontebok is tongersdei tredde wurden by it kritearium fan Gerkeskleaster en Strobos. De winner waard Elmar Reinders fan Emmen. Mitchell Huenders stie as twadde op it poadium. Der wie in kopgroep dy't it grutste part fan 'e wedstriid foarút wie.

Sneon is de twadde wedstriid fan 'e Pompeblêd twadaagse. Dan wurdt der fytst op De Harkema. Der diene mar 34 hurdfytsers mei oan de wedstriid. Dat hat te krijen mei it oankommend wykein, dan stean der in soad kriteariums op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)