Gearwurking VC Snits en it Bogerman College

28 maaie 2015 - 21:57

VC Snits wol it follybal yn Fryslân mear op 'e kaart sette. Dat sei foarsitter Jabik Broersma tongersdei by de ûndertekening fan in gearwurking mei it Bogerman College. De skoalle kin de follybalklup helpe om mear jongerein by de sport te belûken.

Snits is yn Fryslân de ienige klup dy't op it heechste nivo spilet en dêrtroch hat it in foarbyldfunksje, fynt Broersma. Troch de gearwurking mei it Bogerman College kinne de follyballers gebrûk meitsje fan de fasiliteiten fan de skoalle.

Ek kinne de sporters bygelyks trainings fersoargje foar de learlingen. Oan de oare kant kinne de learlingen mooglik staazje rinne by sponsoaren fan Snits.

It súkses fan de follybalsters hat der wol foar soarge dat der mear omtinken is foar de sport yn Fryslân, sa sei Broersma. Ein april waarden de froulju fan VC Snits kampioen fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)