Bilker: Kollumerlân kin net mear besunigje

28 maaie 2015 - 21:00

De gemeente Kollumerlân kin net mear besunigje. Boargemaster Bilker skriuwt dat yn syn kollum op de webside fan de gemeente. Neffens him komme der ynkoarten nije besunigings oan. It ryk tinkt dat der noch 400 miljoen euro besparre wurde kin by de gemeenten.

Bilker seit dat gemeenten dan in swiere put krije om begruttings rûn te breidzjen. Hy sjocht gjin mooglikheden om nije koartings yn Kollumerlân op te fangen. Hy wol dat it ryk gemeenten finansjele romte lit. Dat is neffens de boargemaster goed foar de ekonomy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)