Roel Sluiter offisjeel boargemaster fan Harns

28 maaie 2015 - 20:18

Roel Sluiter (PvdA) is tongersdei yn de Grutte Tsjerke yn Harns offisjeel ynstallearre as boargemaster fan Harns. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hie waarme wurden foar de boargemaster. Hy sei dat Sluiter yn de 1190 dagen as waarnimmer de rêst op bestjoerlik nivo werombrocht hat. Jorritsma neamde ek noch it feit dat Harns selsstannich bliuwe wol.

It nije kolleezje fan Deputeare Steaten hat ek it stânpunt dat dat foarearst by de gemeenteried leit. Wol soe hy, as de gemeente oars beslút yn de takomst, dit mei iepen earms ûntfange.

Trefwurden: 
Harns Roel Sluiter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)