Himpkwekerij yn Ljouwerter wyk Camminghabuorren

28 maaie 2015 - 15:30

De plysje hat tongersdeitemoarn yn in hûs oan de Aggemastate yn Ljouwert in himpkwekerij mei 460 planten oprôle. By de plysje wie in melding kaam fan in ynbraak yn de wenning.

Doe't de plysje te plak kaam, stie der in rút iepen. By kontrôle yn it hûs fûn de plysje de kwekerij. Der binne gjin minsken oanhâlden. De kwekerij is ferneatige.

Trefwurden: 
Ljouwert himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)